Sjongfestival Liet wol ferjongje, mar dochs winne feteranen Mosken

Der wie fansels gjin publyk by, mar der wiene wol prizen. De band Mosken wûn de finale fan Liet, Sample Text krige de tekstpriis.

De band Mosken yn it Ljouwerter popsintrum Neushoorn, winners fan Liet 2020+1.

De band Mosken yn it Ljouwerter popsintrum Neushoorn, winners fan Liet 2020+1. Foto: Nico Boersma

De finale fan Liet, rjochtstreeks útstjoerd op tillefyzje troch Omrop Fryslân - dat wie wol foar it earst. ,,Eartiids wie dat altiten hiel kompleks en djoer”, seit Gerard van der Veer, foarsitter fan Liet en ea oan it wurk foar de Omrop. ,,Dat is no folle makliker wurden.” Maar goed ook, ,,want sûnder Omrop Fryslân hie dit net kinnen.”

Dizze Liet-finale soe him earst ôfspylje yn novimber ferline jier, en dan mei (beheind) publyk. Mar dat koe doe net mear, om koroana. Dêrom waard dizze finale oankundige as Liet 2020+1. De echte 2021-finale, sa is de bedoeling, is yn novimber fan dit jier.

Om de bekende redenen

De keppeling mei Liet International, de Europeeske edysje fan dit minderhedensjongfestival, is der noch wol. De edysje fan ferline jier, yn Denemarken, waard trije wiken fan te foaren ôfsein, om de bekende redenen.

De folgjende edysje, op ‘e nij yn Denemarken (Tønder, Tuner yn it Frysk - it leit deun by de Dútske grins) is no op 13 maaie 2022. Wa’t dêr foar Fryslân hinne sil is noch net dúdlik. Der binne dan ommers trije Liet-winners om út te kiezen: dy fan 2019 en de beide fan dit jier. Van der Veer: ,,Dêr moatte wy noch goed oer neitinke.”

De ikoanyske oardel meter

Yntusken waard de finale alhiel coronaproof ôfhannele, yn de grutte seal fan it Ljouwerter popsintrum Neushoorn. As se net spilen, sieten de artysten en bands earne oars yn it gebou, oan taffeltsjes mei op syn minst dy ikoanyske oardel meter dertusken. Dêr waard ek neipraat mei de presintatoaren, Willem de Vries en Foppe van der Veen.

It doel fan Liet is: it befoarderjen en fierder ûntjouwen fan it Fryske popliet, ,,yn al syn fasetten”, seit Van der Veer. Underdiel dêrfan is: ferjongje. ,,De singer-songwriterkant is fansels ek hiel belangryk, mar wy wolle ek graach oare sjenres mear foar it fuotljocht helje. No ha wy ek in rapper yn de prizen, dat is noch net earder bard.”

Mei it each dêrop wie ek de sjuery gearstald, mei jongfolk as Nick Veenstra (programmeur fan festival Welcome To The Village, ûnder oaren) en Jacob Wijnstra (fan de band Sjoerd En Sa, út it Grinzer Bernlef-fermidden) neist feterane Inez Timmer, dy’t wol mei de foarsittershammer swaaie mocht. Fierders sjurearden dichter Remco Kuipers en Angeline Westra, as helte fan duo Sequens winner fan Liet 2019.

Twa dagen studiotiid

Sy keazen dochs it trio Mosken, út Ljouwert en De Jouwer, as winner - gearstald út muzikanten dy’t al efkes dwaande binne, yn bands as Brückenbauer en Monstertux. Harren prachtferske Leave Lieve levere in plestik byldsje op en twa dagen studiotiid. Douwe Dykstra (teaterman, ek aktyf yn De Sneue Vertoning en kollektyf Heksenhamer) waard twadde en rapper Sample Text tredde.

Sample Tekst wûn ek de priis foar de bêste tekst, fanôf it skerm útrikt toch deputearre Sietske Poepjes. Mear as de eare hâldt dy priis net yn, oars as de foare kears. Wol wat sunich. ,,Dat is it ek wol wat, dat fyn ik sels ek. Doe hiene wy in sponsor, dat moatte wy de oare kear mar wer oplosse.”

Neist de acht finalisten wiene der ek trije crossovers : keppels van twa artysten, faak al wat fierder, dy’t op inisjatyf fan Liet in nij nûmer makken. Dat wiene Zea (Arnold de Boer) en sjongeres-lietskriuwster Dina, Iris Kroes mei elektroanika-muzikant Wander Kars en it duo Huub Prins (Elias Elgersma fan The Homesick) en Bobby Choco.

Dy crossovers binne ek bedoeld om in jonger dielnimmersfjild te lûken. ,,Wy wolle sjen litte wat foar mooglikheden der noch binne. Dat ferske fan Iris en Wander bygelyks, dat is in harkferske mei techno. Hiel leuk wurden, fyn ik.”

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur