Fersetsfrou, sjoernalist en skriuwster Tiny Mulder woe wol 100 jier wurde

Hjoed is de bertedei fan Tiny Mulder. De fersetsfrou, sjoernalist en skriuwster soe 100 jier wurden wêze. De kommende wiken jout Tresoar firtueel omtinken oan har en har wurk. ,,As ús mem noch libbe, soe se dêrfan genietsje’’, tinkt dochter Rixt Zuidema.

Tiny Mulder yn 2003 in har eftertún.

Tiny Mulder yn 2003 in har eftertún. Foto argyf LC/Siep van Lingen

Alve jier ferlyn ferstoar Tiny Mulder (1921-2010). Eltsenien koe har as fersetsstrider, sjoernalist en skriuwer. Har dochter Rixt Zuidema út Zutphen en soan Teake Zuidema út it Amearikaanske Savannah tinke foaral oan har as in leave, hurdwurkjende mem dy’t altyd belutsen wie en foar harren, en letter de bernsbern, klearstie.

Nieuws

Meest gelezen