FFF: Femke, Friso, Frysk | Kollum Dwers fan Pieter de Groot
De list fan politike partijen dy’t oare wike gading meitsje nei ien of mear sitten yn de steaten stimt jin net daliks fleurich. Der binne guon dy’t sizze, wat mear partijen kâns meitsje om mei te dwaan, wat demokratysker. Mar der binne net mear as 43 sitten te ferpartsjen en wat mear partijen de hoarnen yn ‘e wâl stekke, wat dreger it bestjoeren wurdt. En sokke tsjinpartijen binne der op ‘t heden te folle.

Pieter de Groot. Foto: LC
Yn 2019 diene der fyftjin partijen mei, alve slagge it yn de steaten te kommen. Sân dêrfan hellen mar trije of minder sitten. Forum voor Democratie drige mei seis sitten in speak yn it tsjil te stekken, mar al op ‘e útslaggejûn soarge lanlik boechbyld Baudet foar rebûlje mei syn ûnsin oer de ûle fan Minerva, dat de fraksje foel yn ‘e koartste kearen út elkoar. De partijen mei elk mear as trije sitten, CDA (8), PvdA (6), VVD (4) en FNP (4), stapten yn it kolleezje.