Dwers | It aai fan Dingtiid

Hoe kin de kennisynfrastruktuer fan it Frysk fersterke wurde? Om dêrefter te kommen organisearre it taaladvysorgaan Dingtiid ferline jier novimber in lyts sympoasium yn de University Campus Fryslân.

Pieter de Groot.

Pieter de Groot. FOTO LC

Al dejingen dy’t op de iene of oare manier op it Fryske mêd warber wiene, beropshalve of as frijwillige beweger, wiene optrommele en al ridlik gau die bliken dat elk o sa syn bêst die, mar wol op syn eigen eker. No, in jier letter, hat Dingtiid syn aai lein: in rapport fan fjirtich siden, twatalich, en mei de dynamyske titel: Op ’e syk nei in nije dynamyk . Konkrete oanbefelling: der moat in fêst en ûnôfhinklik oansprekpunt komme, in sintraal oerlisorgaan dêr’t alle kennis oer it Frysk yn by elkoar komt.

Yn dat saneamde ‘kennisberie’ binne alle oanbelangjende ynstituten en organisaasjes fersjinwurdige, sadat se mei elkoar goede ôfspraken meitsje kinne. Mienskiplik doel: mear gearwurking, mear gearhing tusken de ferskate projekten, en ek mear each foar jong talint, dat as trainee oan de slach kin by mear as ien organisaasje. ‘Sa befoarderje jo dynamyk en ynnovaasje’.

Dingtiid hat de keunst ôfsjoen yn de Spaanske regio Galisië, dêr’t sa’n ried foar de taal in protte fertuten docht. De Galisyske mienskip hat der ek ekonomysk profyt fan.

Lit Sietske Poepjes der mar even op briede

Wa’t al wat jierren meirint yn de Fryske archipel komt no yn ’e ferlieding en rop: âlde wyn yn nije sekken. Dêr moatte jo o sa mei oppasse, want dat jout allinne mar frustraasje, net it minst by jong talint. Lit har it tsjil mar opnij útfine. De skiednis mei him dan werhelje, dat bart dochs hieltyd wer oars, en it is dêrby foaral fan belang fan de skiednis te léáren.

It kin dus gjin kwea, behalve om learinge ek om fermaak, om op ’e drompel fan âld en nij noch even werom te sjen. Yn de earste neioarlochske jierren hie Fryslân ‘Moeke Faber’ noch foar alle Fryske fragen. Omnipresinte Trude Faber-Hornstra joech elk goerie en wist ek foar elk in gaadlik plakje yn de Fryske ynfrastruktuer. Ein jierren sechstich kaam der gedonder yn de glêzen. Wat in autokrasy! It antwurd wie demokrasy, ek de Fryske kultuer moast mei yn de feart fan ’e folken. Elk krige ynspraak, jûchhei! Gefolch: mear as in desennium fan eameljen en hottefyljen sûnder ein. Opdoeke dus mar, al dy rieden en kommisjes, de provinsje soe der wol mei rêde en beneamde in apart advysorgaan: It Berie foar it Frysk.

Syn earste konkrete útstel: der moast in Stipepunt Frysk komme, in gearwurkingsferbân fan Afûk, Fryske Akademy en Stichting It Fryske Boek (letter opgien yn Tresoar). Ingrid Wagenaar wit it noch wol. Se moast de Moeke Faber fan de jierren njoggentich wurde. Mar de tiden wiene feroare, se hie it net foar ’t sizzen. Underwilens bedarren alle goedbedoelde advizen fan it Berie yn de fodkoer fan it Provinsjehûs.

Tsien jier ferlyn besocht it Berie it noch ien kear mei in alderlêste konkreet advys: der moast in ‘kommissaris’ foar it Frysk komme, dy’t de lieding krije moast oer in nij orgaan. Doel: in brêge slaan tusken alle ynstellingen om dûblueres foar te kommen en nije inisjativen te nimmen. ,,Gjin goed idee’’, sei deputearre Jannewietske de Vries, ,,sa’n nije laach betsjut allinnich noch mear burokrasy.’’ It Berie waard opdoekt. No leit Dingtiid syn aai. Ik sis fierder neat. Lit Sietske Poepjes, ús selsbeneamde taalskipper, der mar even op briede. Oant nei de lockdown!

pieterjan.de.groot@planet.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Column
Friese taal en cultuur