It Frysk is net stikken te krijen, mar sûnder druk sette kin it net | Kollum Dwers Pieter de Groot

It Frysk is net stikken te krijen, appte âld-CDA-Steatelid Frâns Kuipers my en as bewiis sleat er it kranteberjocht by oer de Twadde Keamermoasje, dy’t it regear opropt de universitêre stúdzje Frysk yn de wet fêst te lizzen. De oanlieding wie fansels dat de Ryksuniversiteit Grins de beneaming fan in nije heechlearaar op ‘e lange baan skood hie.

Pieter de Groot.

Pieter de Groot. FOTO LC

Al wa’t wend is Frysk te skriuwen, wie op ien ein en in foarhoede ûndernaam deselde deis dat it nijs bekend waard - in swarte dei! - aksje. Sa’t dat yn fuotbaltermen hjit: druk sette, fuort deroerhinne. In iepen brief fan pommeranten soe se leare.

Nieuws

menu