Drink, klink, sjong en spylje

Wy binne wer los! En mei ‘wy’ bedoel ik ús brassband. Tiisdeitejûn hiene wy nei likernôch 250 dagen einlik wer korpsrepetysje. Dat hie om ús wol even earder kinnen, want it docht echt sear, as minsken mei de pinksterdagen mantsje oan mantsje de meubelbûlevaar delkroaskje, der sûnder problemen in hokfol folk tastien is yn Ikea en boumerk en in knoarre lju har fernuverje by in testevenemint.

Martsje de Jong, columniste.

Martsje de Jong, columniste. FOTO MARCEL JURIAN DE JONG

As blykt dat ús lanlike earste libbensferlet blykber terrashingjen is en der foar dy gelegenheid sels in knaap fan in klipper yn ’e Nijstêdsgrêft takele wurdt. Dat winkeltsjes ûnder de skelk wer iepen binne, mar alle kultuerlokaasjes de doarren noch potticht hâlde moatte en je net iens mei-inoar muzyk meitsje meie. Ik wol wol earlik wêze, dêr krige ik in knap min sin fan. Oant der trije wiken lyn ljocht yn it tsjuster kaam. It korps fan Menaam pleatste in fleurige repetysjefoto op Facebook: ‘Wy meie wer’. It rekke my as de earste streken op ’e feart nei in pear nachten froast: ‘It hâldt!’. As dat bolbjirken ‘Achteruit!’ by de earste boppeslach yn de maitiid. Der kaam lang om let in ein oan de stilte.

Nieuws

menu