Dichtsje oer eksakte fakken: dichter fan Fryslân Sigrid Kingma skriuwt in dichtwedstriid út. Net foar in bondel, mar foar de posters yn de klasse

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma nimt it inisjatyf ta in dichtwedstriid. Underwerp: de eksakte fakken. Bestimming: op in poster, oan de muorre fan in skoallelokaal.

Sigrid Kingma: dichtsje foar de posters.

Sigrid Kingma: dichtsje foar de posters. Foto: Reyer Boxem

It giet om gedichten yn it Frysk of yn in Fryske streektaal. Men mei ek mear gedichten ynstjoere. Dat kin oant 1 juli op nfo@dichterfanfryslan.nl . De fiif winnende gedichten wurde printe op posters en yn it kommende skoaljier ferspraad op alle Fryske middelbere skoallen. De winners krije 200 euro elk.