Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma. In gedicht by de aktualiteit: Op it spoar

Dassen bij het spoor in Molkwerum.

Dassen bij het spoor in Molkwerum. Foto: Jaring Rispens

Yn har funksje fan Dichter fan Fryslân skriuwt Sigrid Kingma geregeldwei in gedicht by de aktualiteit. Dizkears oer de dassenburcht by Molkwar, dy’t it treinferkear dêr ûmooglik makket. Kingma: ‘Wy kenne dizze beskerme diersoart benammen út it printeboek Knipperke fan Lida Dykstra. No binne se echt, en blykber oeral.’

Op it spoar

Dassen op it spoar
Daks syn poatsjes kinne it net litte
grave, dolle, klauwe yn de berm.
‘Mear kreamkeamers,’ seit Durkje.

Ik bin dassen op it spoar
langje nei lytse Epke’s
mei dy ûndogenske streepsnútsjes
lange fersideboartersgongen
maitiidswille, ‘tankewol heity!’

Ik bin hieltyd dassen op it spoar.
It is de kleurebril dy’t it ferbruit
want ik seach nea
in libbensechtenien.