De sidequests fan it libben | Kollum Gysbert
De grutte fraach dy’t altyd steld wurdt is: wat wolst letter wurde? De lytse fraach dy’t dêrby spitigernôch faak oerslein wurdt is: wat wolst dêrneist noch mear berikke?

Pieter Zijlstra Foto: Marco Keyzer
Ik sneup al 23 jier om en ik ha noch altyd net fûn wat ik wurde wol. Ik ha in pear kear tocht dat ik it wist, wolteferstean op myn sechde, alfde en fjirtjinde. Dochs liket it der ûnderwilens net op dat ik respektyflik timmerman, arsjitekt of dokter wurd. Sa sil it mei de measten gean: de measte fan myn âld basisskoalleklasgenoaten dreame der leau ik ek net mear fan om dolfinetrainster of proffuotballer te wurden.