De kleau | Kollum Dwers fan Pieter de Groot

Yn it tredde wykein fan oktober hâldt it Skriuwersboun, dat him tenei Skriuwersbûn staveret, foar it earst sûnt jierren wer in Skriuwerswykein. Dy tradysje wie yn ’t neigean rekke, om’t te min skriuwers noch ree wiene in wykein op te offerjen om mei-elkoar oer de Fryske literatuer of harsels te praten.

Pieter de Groot.

Pieter de Groot. FOTO LC

Dy wykeinen datearje noch fan foar it Skriuwersbûn. It idee waard midden jierren sechstich berne yn it Literêr-histoaryk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Akademymeiwurker en romanskriuwer Ype Poortinga achte it in goed ding dat Fryske skriuwers elkoarren oanpoenden, bygelyks troch elkoars manuskripten of parten dêrút foar te lêzen en te besprekken, ear’t se yn boekfoarm ferskynden. Dan koene dy allinne mar oan kwaliteit winne. Net elke skriuwer stelde lykwols priis op de krityk fan kollega’s, dat ynhâldlike diskusjes kaam it eins komselden fan.

Nieuws

menu