Over Joop: 'De geast fan Joop libben hâlde yn Oerol en Bosk'

Joop Mulder in 2016.

Oerol-oprichter Joop Mulder overleed plotseling in januari. In dit rubriekje laten we verschillende mensen over hem aan het woord. Vandaag Antsje van der Zee, Ze is sinds 2011 aan de slag op Oerol en werkte op het laatst in het Arcadia-project Bosk nauw samen met Joop Mulder.

,,Myn moaiste herinnering oan Joop Mulder giet werom nei de tentoanstelling Moving Landscapes ., twa jier lyn yn it ramt fan Sense Of Place. Dy wie earst hjir op Skylge te sjen en doe op Föhr, it lêste Dútske Waadeilân foar Denemarken. Dat wie hiel bysûnder, twa wiken mei Joop mar dan op in oar Waadeilân. Dan learst him ek oars kennen fansels. Wat my opfoel wie dat hy tige gau yn ’e kunde kaam mei de minsken dêr. En yn de koartste kearen hiene dy der wer oare minsken by helle. Hy wûn hiel gau it betrouwen fan de minsken. En sa krige hy allegearre ferhalen oer dat eilân te hearren, sa krige hy echt in sense of place . Dat wie syn krêft. De lêste tiid wurke ik mei him oan Bosk . Dêr hongen ek allegearre ferhalen omhinne, ferhalen dy’t hy fertelle woe. No is it foar my en de oare meiwurkers de útdaging om de geast fan Joop libben te hâlden yn dit projekt. Ik leau wol dat dat slagget, lykas de geast fan Joop ek yn it DNA fan de meiwurkers fan Oerol sit. Sa sil Joop trochlibje.”

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Oerol