De provinsje en de priis fan it Frysk

De Fryske taal is wichtich foar it wolwêzen fan de Friezen, stiet ûnder oare yn de provinsjale nota Nij Poadium 2021-2024. It behâld en stimulearjen fan it gebrûk fan de Fryske taal hat wol in priis. De Provinsje stekt der miljoenen euro’s yn sadat oer tsien jier in grut part fan de ynwenners fan Fryslân de taal machtich is. Alteast, dat is it doel.

Sutelaksje.

Sutelaksje. Foto: LC/Jan de Vries

Deputearre Sietske Poepjes (Taal en Kultuer) wie mar wakker optein doe’t se de útkomsten fan de Fryske Taalatlas 2020 begin septimber presentearre. Neffens har giet it poerbêst mei de Fryske taal. Mear ynwenners soene sûnt 2015 – doe waar de enkête ek hâlden – de taal lêze en skriuwe (fan 35 nei 40 prosint). Der wiene 6500 minsken fan de 22.400 oanskreaune ynwenners dy’t reagearren. Dat klinkt posityf, mar it is gjin wittenskipplik ûndersyk.