Brêge nei de wrâld: Arnold de Boer bringt syn Frysktalige ferskes oant yn Bulgarije en Ghana

Arnold de Boer bringt syn Frysktalige ferskes oant yn Bulgarije en Ghana, dat wêrom net mear yn Fryslân sels? Witst noch dat d’r neat wie is it twadde Frysktalige album fan syn ienmansband Zea. Direkter, rauer, ,,fetfrij”.

Arnold de Boer.

Arnold de Boer. Foto: Rosa van Ederen

Hy komt út Makkum mar wennet al wit hoe lang yn Amsterdam. Dêr wurket er as Zea: ea in fiifmansband, doe in duo en no ek al wer jierren in soloprojekt. Dêrneist is er sjonger-gitarist yn de band The Ex. Beiden spilen faak yn it bûtenlân, doe’t dat noch koe.