Bekroane berneboek 'Lampje' fan Annet Schaap, is oerset en hjit no ek 'Lampke' en wêrom eltsenien it boek eins lêze moat

‘Lampje’, it suksesfolle debút fan Annet Schaap dat yn 2017 ferskynde, is der no ek yn it Frysk. Oersetter Rymke Zijlstra lies it berneboek oer de dochter fan de fjoertoerwachter mei syn iene skonk, wylst sy op Skiermûntseach op fakânsje wie en tocht: ,,Wat in magysk moai ferhaal.’’

Oersetter Rymke Zijlstra: ,,Elke oersetting is fansels in ynterpretaasje en brûkst ek dyn gefoel om in ferhaal del te setten, mar wolst altyd de skriuwer en it ferhaal rjocht dwaan.''

Oersetter Rymke Zijlstra: ,,Elke oersetting is fansels in ynterpretaasje en brûkst ek dyn gefoel om in ferhaal del te setten, mar wolst altyd de skriuwer en it ferhaal rjocht dwaan.'' Foto Marcel van Kammen

De sinne skynde en it waarme wetter fan ’e Noardsee rôp, mar oersetter Rymke Zijlstra (1975) fan Oentsjerk hie dêr efkes gjin each foar. Fjouwer jier ferlyn wie sy yn ’e simmer mei fakânsje op Skiermûntseach en hie dêr it boek Lampje fan Annet Schaap kocht. ,,Ik waard sa meinaam yn it ferhaal, ik moatst trochlêze en hie it boek yn twa dagen út.’’