Aldernuverst | kollum Dwers fan Pieter de Groot

Pieter de Groot.

Pieter de Groot. Foto: LC

De Fryske Akademy hie sûnt de oprjochting yn 1938 in eigen wittenskiplik tydskrift, ‘It Beaken’. It ferskynde gauris letter as it datearre wie, mar wittenskip is no ienris in saak fan lange azem; dûbelnûmers brochten dan útkomst om it wer by de tiid te bringen.

Mar nei 81 jiergongen foel yn maaie 2020 it doek, it blêd hie de lêste reorganisaasje net oerlibje mocht. Yn in ynlisfel by it lêste dûbelnûmer fan 2019 joech de doetiidse direkteur-bestjoerder a.i. Willem Smink der in positive draai oan: ,,Mei de stipe fan de provinsje yn de rêch binne wy no ús organisaasje oan it fernijen en dêrby sykje wy ek de gearwurking mei besibbe ynstellings.’‘ It Beaken fusearre alsa mei Us Wurk , it tydskrift foar frisistyk fan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. De stipers koene it blêd foar deselde abonnemintspriis fan 45 gûne jiers ûntfange. Men soe sizze, in moaie deal: twa soarten blêden by elkoar foar de priis fan ien. It Beaken is ommers breder oriëntearre as Us Wurk , dat him op ‘e taalkunde rjochtet.