Festival Aaipop bliuwt stean foar it Frysk, mar omearmet tagelyk it doarpsfeestgevoel (XL)

Peaskemoandei is de dei fan Aaipop yn Nijlân, it grutste Frysktalige festival fan de wrâld sa’t se sels sizze. En dat al 35 jier lang. Hoe stiet it yntusken mei it Frysk, as sjongtaal en as sprektaal?

It doarpsfeestgefoel op Aaipop.

It doarpsfeestgefoel op Aaipop. Foto: Simon Bleeker

Aaipop is úteinsetten yn 1987, 35 jier lyn. Mar dit is net de 35ste edysje, en nammers ek net de 36ste. Dat hie it ommers west as alle festivals alle jierren gewoan trochgien wiene, tel mar nei.